It Hollânsk is lang net sa’n moaie taal as it Frysk
Sneontemiddei 25 juny waard op it Starteiland fan Snits it boek ‘Douwe Visser, heer en meester’ presintearre. Kommissaris fan de Kening Arno Brok krige it earste eksimplaar út hannen fan de eardere skûtsjeskipper. Alle taspraken wiene yn it Frysk, de ‘memmetaal’ fan Douwe.
Útjouwer Eddy van der Noord fertelde oer it listje bekende Friezen dy’t hy graach portrettearje woe nei it boek oer Cambuurtrainer Henk de Jong. “No leit der in moai portret fan in markante Fries. Douwe Visser kin ik fan myn bucketlist skrasse.” Hy komplimintearre skriuwer Ton van der Laan mei syn skriuwstyl: “As sit men njonken Douwe”. Nei alle petearen dy’t Ton al mei Douwe fierd hie, folge noch in koart ynterview mei Douwe. “Ik ha de ynterviews yn it Frysk dien, mar yn it Nederlânsk opskreaun. Wat fynsto dêr fan?” Douwe hie it boek graach yn it Frysk sjoen: “It Hollânsk is lang net sa’n moaie taal as it Frysk”.
‘Nije Fries’ Kommissaris fan de Kening Arno Brok heakke hjir graach op yn. “Ik fyn it raar dat it boek net yn it Frysk is. Frysk is de taal fan it hert. Dêrmei is in stikje siel fan de tekst kwytrekke. Spitich, want wy meie grutsk wêze op ús taal. Taal is de drager fan ús identiteit”. Douwe syn frou Hetty komt út Drinte. Mar Douwe reagearre net as sy wat yn it Nederlânsk sei, wist Brok. In goede saak, want: “It grutste gedoch fan it Frysk binne de Friezen sels. As Friezen sels net ree binne om it út te dragen, komt it net goed. Wy moatte útdrage wat de rykdom fan ús taal is.”
Douwe hie it sels net moaier sizze kinnen.